As is ferbaarne turf

Oan de wâl stean de beste stjoerlju en fan efteren kin je in ko yn de kont sjen. Allegear folkswiisheden dêr’t je neat mei kinne. Mar as, ja as it op 2-3 en 6-6 in bytsje meisitten hie en as Sjirk Gjalt op 4-3 net 3x boekele hie en as Skelte dy iene bal net kwea slein hie en as, as, as .......

Ik wol mar sizze, mei wat mear mazzel hie der op Pinkstermoandei in histoarysk pryske ynsitten op it NK foar senioaren. De klupkleuren waarden ferdigene troch Sjirk Gjalt de Groot, Skelte Anema en Bouwe de Bruin. De earste wedstriid tsjin Itens wie in boekelpartij. Skelte en Bouwe sloegen mei inoar 9x boppe en Itens mar 1 kear. Mar troch in protte opslachmissers duorre it lang foardat Itens op de knibbels lei. (5-4 en 6-0). De twadde omloop wie in echte derby. It buordoarp Weidum wie de tsjinstanner, mar twa knappe sitballen fan Bouwe op 4-3 en 6-6 en ek wer op 5-4 en 6-6 soargen foar de nipte winst. It wie in moaie mar ek spannende partij. Spitigernôch koenen se dit keunststikje net werhelje tsjin Skettens/Longerhou. Mei 5-3 en 6-2 moasten se belies jaan. De tsjinstanner wie op kritike mominten krekt wat skerper en better. En de âlde keatswiisheid “wa’t de minste fouten makket, wint” wie sprekwurdlik. Doch spitich fansels want winst hie in pryske besjutte en dêrmei is ús feriening net bot bedield by de manlju. Us ôffurdigers moatte it dêrom dwaan mei myn kompliminten en “as” bliuwt foarearst gewoan ferbaarne turf........

Geplaatst op 02 June 2009